Programma

27 juni - Muziek

Fegebart

Doopsgezinde Kerk | Za. 27 juni 21.30 u

Fegebart komt fan it sân en de klaai yn it noardeasten fan Fryslân. De band lit dizze streek ta libben komme yn in unike en enerzjike mjuks fan alternatieve rock en folk.

De Frysktalige teksten geane oer fertroude Fryske saken: in moeting yn de kroech, dy keardel út it doarp, in gefoel út de jeugd, it wetter yn de feart. Mar hoe gewoan at it dekôr ek liket, it wurdt altyd op in bysûndere wize beljochte, mei dúdlike leafde foar (ús) taal. 

Op Simmerdeis spilet Fegebart as akoestysk duo. Krekt wat minder kabaal as oars, mar wol like enerzjyk en yntins as altyd. Ferwachtsje nûmers as ‘Bingojûn’ (Liet-winner 2024), ‘Heitelân’ (Fryske top 100) en ‘Boerejonge’ en hjir en dêr in passende cover. Dat wurdt grif in moai feest. Oant dan!

logo 26 - 27 - 28 juni 2026

Simmerdeis is hét culturele festival van Smallingerland. Simmerdeis wordt sinds 2007 georganiseerd en er werken naast het vaste team ruim 100 vrijwilligers mee. Drie dagen lang staat Smallingerland in het teken van theater, muziek en bijzondere ontmoetingen!

Circusacts, bijzondere toneelvoorstellingen, experimenteel theater, straattheater en kindervoorstellingen. Niets is te gek op het Simmerdeis.

koop tickets